Andrea Berg
Andrea Berg | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Andrea Ferber-Zellen | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 28 jannewaris 1966 | |
berteplak | Krefeld | |
wurkpaad | ||
sjenre | Schlagermuzyk | |
sjongtaal | Dútsk | |
jierren aktyf | 1992-no | |
offisjele webside | ||
andrea-berg.de |
Andrea Berg (echte namme: Andrea Ferber-Zellen, (Krefeld, 28 jannewaris 1966) is in bekende Dútske schlagersjongeres. Neffens Sony Music ferkocht hja mear as 16 miljoen platen en cd's en heart hja ta de kommersjeel meast suksesfolle sjongeressen fan Dútslân.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foardat Andrea Berg begûn te sjongen wurke hja as doktersassistint op 'e onkologyske ôfdieling fan in sikehûs.
De karriêre fan Berg begûn oan it begjin fan 'e jierren 1990 en krige bekendheid mei har album "Gefühle" (1995), dêr't de hit "Die Gefühle haben Schweigepflicht" op stie. Se hat in karakteristike stim en stiet bekend om emosjonele teksten.
Yn 2001 ferskynde it album "Best of", dêr't mear as 2,5 miljoen eksimplaren fan ferkocht binne. Dêrmei is it ien fan 'e bêst ferkochte platen fan Dútslân. Yn Eastenryk waard it album sels seis kear platina en bleau it 670 wiken yn 'e listen fan 'e meast ferkochte platen stean.
Sûnt har album "Machtlos" (2004) wiene al har albums tige suskesfol yn it Dútske taalgebiet. Se hellen allegear de top fan 'e Dútske hitlisten (sitewaasje 2024). Hja wûn ferskillende Echo- en Goldene Stimmgabel-prizen.
Andrea Berg falt ek op fanwegen har enerzjike live-optredens en har ekstra-fagante ferskining op it poadium. Njonken de muzyk hat se in hotel yn Aspach.
Bûten Dútslân, Eastenryk en Switserlân is Berg minder bekend, mar ûnder leafhawwers fan it Dútske repertoire is hja ek yn Skandinaavje, Belgje en Nederlân bekend.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Album | Heechste posysje | ||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() | ||
1992 | Du bist frei | 49 | 40 | - | - | - |
1995 | Gefühle | 10 | 10 | 14 | - | 14 |
1997 | Träume lügen nicht | 71 | - | - | - | - |
1998 | Zwischen tausend Gefühlen | 86 | - | - | - | - |
1999 | Weil ich verliebt bin | - | - | - | - | - |
2001 | Wo liegt das Paradies | 42 | - | - | - | - |
2002 | Nah am Feuer | 18 | 26 | - | - | - |
2003 | Machtlos | 1 | 8 | - | - | - |
2004 | Du | 1 | 1 | - | - | 33 |
2006 | Splitternackt | 1 | 1 | - | - | 19 |
2008 | Dezember Nacht | 8 | 9 | - | - | 95 |
2009 | Zwischen Himmel & Erde | 1 | 1 | - | - | 9 |
2010 | Schwerelos | 1 | 1 | - | - | 9 |
2011 | Abenteuer | 1 | 1 | - | 59 | 2 |
2013 | Atlantis | 1 | 1 | 5 | 27 | 1 |
2016 | Seelenbeben | 1 | 1 | - | - | 1 |
2019 | Mosaik | 1 | 1 | - | - | 1 |
2022 | Ich würd's wieder tun | 1 | 1 | - | - | 2 |
2023 | Weihnacht | 1 | 3 | - | - | 3 |
2024 | Andrea Berg | 1 | 1 | - | - | 1 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|