Springe nei ynhâld

Aralmar

Ut Wikipedy
Aralmar
Aralmar tusken 1960 en 2018.
geografy
lân Kazachstan, Oezbekistan
koördinaten 44°48'N 59°36'E
sifers
oerflak 1960: 68,000 km²
1998: 28,687 km², 2 marren
2004: 17,160 km², 4 marren
kaart
Aralmar (Kazachstan)
Aralmar

De Aralmar (soms ek: Aralsee) (Kazaksk: Арал теңізі, Aral teñizi; Oezbeeksk: Orol dengizi; Russysk: Аральское море, Aralskoje more) is de algemiene beneaming foar in oantal wetterbekkens op 'e grins fan Kazachstan en it autonome gebiet Karakalpakië fan Oezbekistan, dy't earder ien mar foarmen yn Sintraal-Aazje.

De Aralmar ûntstie ûngefear 10 oant 20 tûzen jier ferlyn, doe't de rivier Amu Darja fan rjochting feroare en yn stee fan nei de Kaspyske See nei de leechlannen fan Sarakamysj streamde, dy't folrûnen mei wetter. De Syr Darja en de Amu Darja wiene de wichtichste rivieren dy't ôfwetteren op 'e mar, dy't winterdeis foar in grut part tichtfrear. Hjoed-de-dei wetteret allinne de Syr Darja noch op 'e mar út.

Yn it begjin fan 'e tweintichste iuw rûn de Aralmar oer 450 kilometer fan súd-west nei noard-east en hie it in breedte fan 290 kilometer. De grutste djipte wie 69 meter. Utdrûging feroarsake ien fan 'e grutste miljeurampen yn ús tiid. Yn 1960 wie it oerflak noch 68,000 km², yn 2004 wie it noch likernôch 17.160 km².

Sûnt 1999 wurdt der wurke oan it werstel fan 'e mar. Sûnt binne der goede resultaten helle en is de fiskstân fan it noardlike diel ferbettere.

It útdrûgjen fan de Aralmar.

Oant de jierren 1960 wie de Aralmar likernôch 450 km lang en 290 km breed. Dêrmei hearde de Aralmar ta de grutste marren fan 'e wrâld. Sûnt dy tiid begûn de Aralmar te krimpen. Op de plakken dêr't it wetter weromluts feroare it lânskip yn in sâltwoastyn en mei't de mar lytser waard, waard it sâltgehalte fan it wetter heger. De grutste oarsaak wie de yrrigaasje foar de katoenbou, dy't in protte wetter fan de oanfierende rivieren ôftape. Yn 1987 feroare de krimpende mar yn twa dielen; de Noardlike Aralmar en de Súdlike Aralmar. Om de twa dielen wer mei elkoar te ferbinen waard in kanaal groeven.

Neffens mjittingen troch in Russysk-Oezbeekske ekspedysje yn novimber 2002 wie it absolute nivo fan 'e Aralmar 30,47 meter. It nivo fan 1900 wie noch 53,5 meter. Sûnt de jierren 1960 wie de wetterhichte dus mei 23 meter sakke, it oerflak wie hast fiif kear lytser woarn en de trochsnit djipte wie troch de helte gien. De Aralmar waard praktysk yn trije dielen splitst: de Noardlike Mar of de saneamde Lytse see yn it noarden en it saneamde Súdlike Aralmar of de Grutte see. Dy Grutte see waard op syn beurt yn twaën splitst: in djip diel yn it westen en in ûndjip diel yn it easten. Se binne noch in skoft troch in soarte seestrjitte ferbûn.

Skippen op it drûge.
(boarne: www.uzland.uz).

De gefolgen fan de útdrûging wiene grut, de mar wie hieltiten sâlter woarn. Yn 'e rin fan de tiid wie ek lânboufergif út de katoenbou yn de mar komd. Troch de sterke ferdamping waard de mar hieltiten sâlter en smoarger. Troch opdrûgjen bleaune sâltkoarsten efter mei lânboufergif, dat troch de wyn oer de omlizzende gebieten ferspraat waard en in gefaar foarme foar it miljeu en de folkssûnens. Dêrneist wie der folle minder delslach fallen yn de omjouwing fan de mar.

De fiskerij wie weifallen as boarne fan wurkgelegenheid omdat de mar him weromlutsen hie en der hast gjin libben mear yn siet; de pear dy't noch fiskjen diene dat allinnich foar it eigen libbensûnderhâld (situaasje 2004). De eardere fiskershavens Aralsk en Muynoq ferlearen troch de reduksje fan 'e mar harren havens en rekken de boarnen fan harren wurkgelegenheid kwyt. Beide stêden ferlearen in soad ynwenners en de fiskersskippen ferrustken yn 'e eardere havens op it drûge.

Reduksje Aralmar yn ôfbylden 1985-2024

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om te besykjen it drûchfallen fan 'e mar op te kearen, waard troch de Wrâldbank $84 miljoen frijmakke foar in projekt om de trochstreaming fan de rivieren dy't yn de mar útrinne te ferbetterjen. Yn 2005 waard de Kok-Aral-daam oanlein en al gau nei 't de daam iepene waard die dy fertuten mei't it wetterpeil al hiel gau mei twa meter omheech gie. Ek it oerflak fan 'e Noardlike Mar naam mei 900 km² ta, wylst it sâltgehalte sakke en dêrmei kaam ek de fisk werom. Yn 'e Noardlike Mar kin hjoed-de-dei sels wer fiske wurde, al wurde dêr beheiningen oan steld sadat de fiskpopulaasje flugger tanimme kin.

It fierder drûchfallen fan 'e súdeastlike mar yn 2009 kaam foar in part troch it werstel fan 'n Noardlike Mar, mar foar de haadsaak troch't de rivieren de Amu Darja en de Syr Darja yn dy tiid minder wetter oanfierden.[1]

De plannen fan Kazachstan ha as doel om it wetterpeil fan 'e de Noardlike Mar nochris mei fjouwer meter te ferheegjen. Dêrmei wurdt de mar noch in kear de helte grutter. Tagelyk wurdt is der yn Kazachstan en Oezbekistan ek wurke oan it ferbetterjen en it oerskeakeljen nei moderne yrrigaasjesystemen, dy't minder wetter fergrieme. Foar de kommende jierren sil dêrtroch mear wetter beskikber wêze foar de mar.

Yn augustus 2014 die út NASA-satellytbylden bliken dat it súdeastslike bekken fan 'e Aralmar folslein drûchfallen wie. Dat gebiet is no de Aralkumwoastyn.

De oanplant fan 'e Swarte Saxaul op 'e boaiem fan 'e Aralmar.

Op 19 maaie 2021 wiisden de FN it Aralmargebiet út as in sône fan ekologyske ynnovaasjes en technologyën. Sawol Kazachstan as Oezbekistan ûnthjitten om de trije miljoen hektare grutte drûge boaiem fan 'e Súdlike Mar tsjin 2030 mei 1,3 miljoen hektare bosk mei de Swarte Saxaul (Haloxylon ammodendron) te beplantsjen, in winterhurde strûk fan Sintraal-Aazje. Dy strûk stiet bekend om syn djippe woartels en ferbetteret de boaiem troch ferleging fan it sâltgehalte en ferheging fan it gehalte oan organyske stoffen. De strûken hâlde ek it sân goed fêst. Folgroeid binne se seis meter heech en biede se in biotoop foar oare endemyske flora en fauna.[2]

Midden yn 'e eardere Aralmar lei it eilân Vozrozjdenija. (Vozrozjdenija betsjut "werberte" yn it Russysk). Troch syn isolearre lizzing waard it sûnt 1948 troch de Sovjet-Uny brûkt om dêr biologyske wapens te ûntwikkeljen en û.o. yn 'e iepen loft te testen. Ien fan 'e brûkte bio-wapens is de libbensgefaarlike myltfjoerbaktearje (= antraks). Yn 1991 ferlieten de laboratoariummeiwurkers it eilân. Se lieten it measte brûkte materiaal en ôffal efter yn gebouwen en yn konteners. Yn de rin fan 2001 groeide it eilân troch útdrûgjen fan de Aralmar fêst oan it fêstelân. Dêrmei ferlear it syn isolearre lizzing en wienen de gefaarlike stoffen en baktearjen ienfâldich tagonklik woarn. In jier letter hat it oprêd-ekspedysje fan 113 persoanen ûnder lieding fan Amerikaanske legerdeskundigen yn trije moannen safolle mooglik ôffal oprêden. Tsien ûndergrûnske myltfjoer-opslachplakken waarden folslein skjinmakke en mear as 100-200 ton myltfjoer-baktearjeôffal is weihelle. It is net dúdlik hoefolle ôffal noch op it eilân lizzen bleaun is. Ek is it ûndúdlik yn hokker mjitte de grûn noch fersmoarge is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: