Springe nei ynhâld

Follegea Mûne

Ut Wikipedy
Follegea Mûne
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Gelderlân
plak Laag-Keppel
adres Doarpsstraat LK 30
koördinaten 51°59'N 6°13'E
bysûnderheden
type mûne spinnekop
funksje poldermûne
flecht 13,80 m
boujier 1857 (bou)
fernijing 1904
1969 (weropbou)
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22838 [1]
Webside
Side 'Keppelse Molens'
Kaart
Follegea Mûne (Gelderlân)
Follegea Mûne

De Follegea Mûne is in spinnekopmûne yn Laag-Keppel yn 'e provinsje Gelderlân.

De namme fan 'e mûne ferwiist nei it plak Follegea, dêr't de mûne eartiids stie. De mûne waard yn 1857 boud om dêr polder 37 te bemeallen. Yn 1907 waard de mûne fernijd.[2]

De yntusken ferfallen mûne stie al lang stil, doe't yn 1968 in sloopfergunning ôfjûn waard. De spinnekop waard lykwols in jier letter yn it Gelderske Laag-Keppel wer opboud om dêr as helpgemaal it peil foar de kolk fan 'e dêr oanwêzige wettermûne leech te hâlden. Troch de kanalisaasje fan de Alde Isel wie it wetterferfal foar de wettermûne te lyts woarn om noch wurkje te kinnen. Mei help fan de Follegeaster spinnekop kin it peil fan 'e kolk keunstmjittich mei 1,5 meter ferlege wurde, sadat de wettermûne op it plak syn funksje hâlde koe.

Alle twa roeden fan 'e mûne hawwe it systeem Fauël. De mûne hat in flecht fan 13,80 meter.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: