Springe nei ynhâld

Jagûar

Ut Wikipedy
jagûar
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje kateftigen (Felidae)
skaai panters (Panthera)
soarte
Panthera onca
Linnaeus, 1758
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

     Hjoeddeistige fersprieding
     Histoaryske fersprieding

De jagûar (útspr.: [ˈjaɡuar], likernôch: "jah-gû-ar") (wittenskiplike namme: Panthera onca) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e grutte katten (Pantherinae) en it skaai fan 'e panters (Panthera). Dit bist is lânseigen yn Midden- en Súd-Amearika. It is de grutste kateftige yn 'e Nije Wrâld en de op twa nei grutste yn 'e hiele wrâld (nei de liuw en de tiger). De jagûar is in grutte, krêftige en tige gefaarlike karnivoar mei in treflike skutkleur, dy't bestiet út in spikkelbûnte gielige pels belein mei swarte plakjes. Hy libbet benammen yn tropysk en subtropysk reinwâld. Jagûars libje solitêr en binne fral nachts aktyf. Bedrigings dêr't dizze kateftige mei te krijen hat, binne habitatferlies, habitatfragmintaasje, streuperij en konflikten mei minsken. De IUCN klassifisearret de jagûar as gefoelich, mar (noch) net bedrige.

De namme fan 'e jagûar moat útsprutsen wurde as [ˈjaɡuar] (werjûn yn it IPA), oftewol likernôch as "jah-gû-ar". De útspraak is beslist net [ˈʤɛɡuar] ("dzjeh-gû-ar"). Dat is de Ingelske útspraak, dy't yn it Frysk (en Nederlânsk) allinne mar brûkt wurdt foar it Britsk automerk Jaguar, dat nei de jagûar ferneamd is. "Jagûar" is in lienwurd dat it Frysk fia it Spaansk of Portegeesk binnenkrongen is. It giet mooglik tebek op yaguara, in wurd út 'e Yndiaanske Tûpy-Gûarany-talen, dy't sprutsen wurde yn Paraguay, súdwestlik Brazylje en eastlik Bolivia. De betsjutting fan yaguara is "wyld bist dat syn proai oermânsk wurdt mei in sprong".

Tekening fan 'e plasse fan in jagûar.

It soartspesifyke diel fan 'e wittenskiplike namme Panthera onca komt fan it Portegeeske wurd onça foar in spikkelbûnte kateftige dy't grutter is as in lynks. De oarspronklike foarm fan dat wurd wie lonça, in ôfsliten ferbastering fan it Latynske lynx, mar meitiid waard de earste letter misbegrepen as in ôfkoarte beskaat lidwurd l’, sadat dy foutyf by it wurd wei helle waard.

De jagûar waard foar it earst yn 1758 wittenskiplik beskreaun troch de bekende Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus foar de tsiende edysje fan syn magnum opus, de Systema Naturæ. Hy joech it bist de wittenskiplike namme Felis onca. It skaai Felis omfettet hjoed oan 'e dei inkeld de wylde katten, mar doedestiden wie it in sammelbak foar alle kateftigen. It wie de Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock dy't yn 1917 it skaai fan 'e panters (Panthera) gearstalde sa't dat no noch fierhinne bestiet, mei as libbene soarten de liuw (Panthera leo), de tiger (Panthera tigris), it loaihoars (Panthera pardus) en de jagûar. (Oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw is dêr op basis fan DNA-ûndersyk it snieloaihoars (Panthera uncia) noch oan tafoege.) Op dy wize kaam de jagûar oan syn hjoeddeistige wittenskiplike namme, Panthera onca.

In jagûar oan it rêsten.

Binnen it skaai fan 'e panters (Panthera) is de jagûar it neist besibbe oan 'e liuw (Panthera leo) en wat minder nau oan it loaihoars (Panthera pardus). Mei de tiger (Panthera tigris) en it snieloaihoars (Panthera uncia) fertoant de jagûar de minste besibskip. De jagûar ûntjoech him oarspronklik troch evolúsje yn Afrika, wierskynlik 9,3–4,5 miljoen jier lyn. Likernôch 2,0–1,8 miljoen jier lyn fersprate er him út Afrika wei nei Jeraazje. In gauris neamde teory is dat de jagûar sa't dy hjoed de dei bestiet, ôfstammet fan 'e Jeropeeske jagûar (Panthera gombaszoegensis), in jagûar-eftige grutte kateftige dy't 2 miljoen oant 350.000 jier lyn yn Jeropa libbe. Guon saakkundigen ûntstride lykwols dat der in nauwe bân tusken dy beide bisten bestiet.

Hoe dan ek, úteinlings berikte de jagûar yn it Ier Pleistoseen, omtrint 850.000–820.000 jier lyn, fia de Beringlânbrêge Noard-Amearika. Dêrwei fersprate dizze soarte him oer it hiele Amerikaanske kontinint, hielendal oan Fjoerlân ta, dat oan 'e súdpunt fan Súd-Amearika leit. Undersyk nei it mitogondriaal DNA fan moderne jagûars hat útwiisd dat alle hjoeddeistige populaasjes har yn it noarden fan Súd-Amearika ûntjûn hawwe. Dêrwei hawwe se Midden- en Noard-Amearika op 'e nij kolonisearre nei't de oarspronklike jagûarpopulaasjes dêre (fan 'e ûndersoarte Panthera onca augusta) yn it Let-Pleistoseen útstoarn wiene. Sawol Noard-Amearika as de súdpunt fan Súd-Amearika (dêr't de ûndersoarte P. o. mesembrina libbe) giene letter op 'e nij foar de jagûar ferlern.

In jagûar fotografearre mei in kamerafâle yn 'e Amerikaanske steat Arizona.

It histoaryske ferspriedingsgebiet fan 'e jagûar besloech om 1900 hinne nei skatting noch sa'n 19 miljoen km², hoewol't it sûnt likernôch 1800 al stadichwei oan it ynkrimpen wie. It striek him doe út fan it Amerikaanske Súdwesten en West-Teksas oer Midden-Amearika en it meastepart fan Súd-Amearika, útsein de Atakamawoastyn oan 'e westkust en Patagoanje yn it suden. Tsjin it jier 2000 wie dêr noch likernôch 8.750.000 km² (oftewol 46%) fan oer. It measte gebiet dat yn 'e tuskenlizzende iuw foar de jagûar ferlern gien wie, lei yn 'e súdwestlike Feriene Steaten, noardlik en sintraal Meksiko, eastlik en sintraal Brazylje en noardlik en sintraal Argentynje.

Tsjintwurdich libje jagûars noch yn it meastepart fan it Amazônegebiet, mei dêropta de noardkust fan Súd-Amearika yn Kolombia, Fenezuëla, Guyana, Suriname en Frânsk-Guyana, dielen fan eastlik Brazylje en noardlik Argentynje, it meastepart fan Sintraal-Amearika, súdlik Meksiko en it Jûkatanskiereilân. Der binne isolearre populaasjes yn westlik en noardlik Meksiko. Yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten komme jagûars noch mar sporadysk foar, mei 62 waarnimmings yn 'e hiele tweintichste iuw. Yn 'e njoggentjinde iuw libbe dit bist noch safier noardlik as Monterey, yn Kalifornje, en oan 'e Noardlike Platte yn Kolorado, en safier eastlik as de kustsompen fan Louisiana. Yn Kalifornje waard de jagûar om 1860 hinne útrûge, en de lêste jagûar yn Teksas waard yn 1948 by Kingsville deasketten. Tusken 1996 en 2024 waarden mei kamerafâlen acht ûnderskate jagûars fotografearre yn it Peloncilloberchtme yn súdeastlik Arizona. Fan 2012 oant 2015 doarme in jagûar, dy't de troch skoalbern yn Tucson keazen namme El Jefe (Spaansk foar "De Baas") krige, troch it Santa Ritaberchtme yn súdlik Arizona.

Ferliking fan 'e lichemsfoarm en spikkels fan 'e trije bekendste spikkelbûnte kateftigen. F.b.n.û.: it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus), it loaihoars (Panthera pardus) en de jagûar.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De jagûar hat trochinoar in kop-romplingte fan 112–185 sm, mei in sturtlingte fan 45–75 sm en in skofthichte fan 57–81 sm. It gewicht is ôfhinklik fan it geslacht en it plak fan foarkommen fan it oangeande yndividu, en berint ornaris 56–96 kg. Wat súdliker men komt yn it ferspriedingsgebiet fan dit bist, wat mear oft lichemsgrutte en gewicht oanwinne. De jagûars fan 'e Meksikaanske westkust binne it lytst, wylst eksimplaren út Brazylje en Fenezuëla it grutst binne. Utsûnderlik grutte mantsjes út it Amazônegebiet kinne soms in gewicht fan 158 kg berikke, wylst de lytste wyfkes út westlik Meksiko en Sintraal-Amearika mar 36 kg weagje.

De jagûar is gnobsk boud en tige spiersterk. It grutste ferskil mei besibbe soarten út it skaai fan 'e panters (Panthera) is dat by de jagûar it liif grutter en grouwer is, wylst de poaten krekt koarter binne. Troch syn spikkelbûnte pels wurdt de jagûar troch leken yn Jeropa gauris betize mei it loaihoars (Panthera pardus), dat ek sa'n kleuring hat. Mar de jagûar hat in folle foarsere lichemsbou, dy't teffens leger by de grûn bliuwt. De kop is fjouwerkantiger en de kaken binne swierder. Jagûars hawwe de op twa nei grutste bytkrêft fan alle kateftigen, nei de tiger (Panthera tigris) en de liuw (Panthera leo).

De grûnkleur fan 'e pels fan 'e jagûar fariëarret op 'e boppeste lichemsdielen (rêch, nekke, kop, siden, poaten en sturt) fan bleek giel fia goud oant rodzich. De bealch, de kiel, it kin en de binnenkanten fan 'e poaten binne altyd witich. Oer it hiele lichem is de pels oerdutsen mei swarte spikkels, dy't útinoar rinne wat foarm oangiet. Op 'e siden wurde it rozetten, mei faak ien of mear spikkels yn 'e midden fan in sirkel. De spikkels op 'e kop en yn 'e nekke binne yn 'e regel ticht, en datselde jildt foar dy op 'e sturt, hoewol't se dêr op nei de punt ta ringen foarmje kinne. Midden op 'e rêch binne de spikkels wat ferlinge, en faak kloftsje se dêr gear om in swarte streek oer de wringe te lûken. Op 'e bealch binne de spikkels grutter en dizeniger. De pels fan 'e jagûar is in treflike skutkleur foar de mei skaden oerleine wâldflier dêr't er ornaris jaget.

In melanistyske jagûar, dy't krekt as melanistyske eksimplaren fan it loaihoars (Panthera pardus) ek wol bekendstiet as in swarte panter.

Krekt as by it loaihoars (Panthera pardus) komt by de jagûar frij geregeldwei in hielendal swarte kleurfariant foar, dy't krekt as by it loaihoars bekenstiet as in swarte panter. De kleurfariant wurdt feroarsake troch melanisme, dat in dominante genetyske ôfwiking is. Swarte jagûars komme benammen foar yn it tropysk reinwâld en binne oerdeis aktiver as spikkelbûnte jagûars. Dat suggerearret dat de swarte pelskleur eins in bettere skutkleur is as in spikkelbûnte pels.

De jagûar jout de foarkar oan biotopen mei ticht wâld, it leafst mei rivieren en moerassen. Hy komt foar yn leafwâld dat hjerstmis de blêden falle lit, tropysk reinwâld, subtropysk reinwâld en dizewâld. Dêrnjonken libbet dizze soarte ek yn wetlands dy't der in diel fan it jier ûnder strûpe, en op drûch gerslân lykas de pampa yn Argentynje. Yn 'e Feriene Steaten kaam er histoarysk foar yn ikewâlden. Jagûars binne waarnommen oant in hichte fan 3.800 m boppe seenivo, mar se mije berchwâlden. Ut in ûndersyk yn súdlik Meksiko en Gûatemala die bliken dat wyfkes weibliuwe út gebieten mei sels mar in bytsje minsklike aktiviteit, wylst mantsjes har dêr minder fan oanlûke.

Oars as by de measte kateftigen is ôfkear fan wetter jagûars frjemd.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aktiviteitsspanne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jagûars binne ornaris benammen aktyf yn 'e nacht en de skimer. Yn it Amazônegebiet binne se mear dei-aktyf, wat ferklearre kinne wurde soe trochdat se dêr yn it tichte tropysk reinwâld op 'e grûn yn frijwol konstante skaden libje. Mar yn it mear iepen moerasgebiet fan 'e Pantanal, yn súdlik Brazylje, binne jagûars oerdeis ek aktiver as nachts.

Klimmen en swimmen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jagûars kinne goed yn beammen klimme, mar dogge dat minder faak as poema's (Puma concolor). Yn 'e mande mei de tiger (Panthera tigris) is de jagûar de iennichste grutte kat dy't gjin ôfkear fan wetter hat. Jagûars binne goede swimmers, dy't waarnommen binne by it oerstekken fan seestrjitten tusken it fêstelân en (net al te fierôf lizzende) eilannen. Se boartsje en jeie ek yn it wetter.

Omgong mei soartgenoaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De jagûar is oer it algemien in solitêr libjend bist, útsein yn 'e peartiid en as it giet om wyfkes mei welpen. Yn 1977 waarden lykwols twa troepen jagûars, de iene besteande út in mantsje, in wyfke en ferskate welpen, en de oare út twa mantsjes en twa wyfkes, mear as ien kear waarnommen yn 'e neite fan 'e rivier de Paraguay. Yn guon gebieten is it net ûngewoan foar twa mantsjes om in koälysje te foarmjen, dy't tegearre ien territoarium beset en markearret, deselde proai bejaget en mei deselde wyfkes pearet.

In mantsjesjagûar (omsjend) moetet in jong wyfke yn Mato Grosso.

Jagûars hawwe territoaria, dy't se markearje mei rookflaggen. Om dy oan te bringen, brûke se urine en dong. Ek klauwe se wol mei de klauwen yn in beam of de grûn om. De grutte fan jagûarterritoaria is ôfhinklik fan it nivo fan ûntbosking en fan 'e minsklike befolkingstichtens. Territoaria fan wyfkes fariëarje fan 15,3 km² yn it moerasgebiet fan 'e Pantanal, yn súdwestlik Brazylje, oant 53,6 km² yn it Amazônegebiet yn noardwestlik Brazylje, oant 233,5 km² yn it Atlantysk Wâld oan 'e Brazyljaanske eastkust. Territoaria fan mantsjes mjitte 25 km² yn 'e Pantanal oant 180,3 km² yn it Amazônegebiet oant 591,4 km² yn it Atlantysk Wâld. De territoaria fan wyfkes oerlaapje inoar foar in part, wylst it territoarium fan in mantsje dat fan ferskate wyfkes oerlapet. Territoaria fan mantsjes oerlaapje inoar, ynsafier bekend, net.

Krekt as de measte oare grutte katten út it skaai fan 'e panters kinne jagûars brulle. Dat fermogen brûke se foar kommunikaasje oer de lange ôfstân. Der hawwe waarnimmings west fan yntinsyf gebrul en tsjingebrul troch twa yndividuën, dat langere tiid oanhold. It brullen fan 'e jagûar wurdt omskreaun as "heas" mei fiif of seis mei kielklank utere noaten. In oar lûd dat jagûars meitsje is "puffen", in soartemint snuven mei útgeande lucht en in lege yntinsiteit. It is mooglik bedoeld om fredigens en passiviteit oer te bringen. Puffen wurdt dien by wize fan begroeting tusken twa eksimplaren dy't inoar kenne, en ek as ûnderdiel fan 'e hofmakkerij tusken in mantsje en in wyfke, en troch in mem dy't har welpen gerêststelle wolle. Welpen kommunisearje mei de mem troch in kombinaasje fan mjêkjen, miaukjen en goarreljen.

Jagûars oan it pearjen yn 'e Pantanal.

Jagûars hawwe net in fêste peartiid; ynstee kin de peartiid it hiele jier troch falle, ôfhinklik fan oare faktoaren as it klimaat, dat yn 'e tropen en subtropen in rol fan ûndergeskikt belang spilet. Maartskens duorret 7–15 dagen. As in wyfke maartsk wurdt, kinne mantsjes dat rûke oan har urine en oare territoriale markearrings. Ek fertoant sa'n wyfke rêstleas hâlden en dragen, lykas rôljen en oanhâldend brullen. In mantsje dat har maartskens gewaardwurdt, sil har opsykje, wêrnei't de pearing folget. Yn 'e Pantanal bliuwe jagûarspantsjes soms wol 5 dagen byinoar, wêrby't se om it hoartsje op 'e nij pearje. Nei't it mantsje him úteinlings ôfjûn hat, is syn oandiel yn 'e fuortplanting útspile.

De draachtiid duorret by de jagûar 91–111 dagen. wêrnei't it wyfke yn 'e regel 1–2 jongen te wrâld bringe. Dat docht se op in beskut plak tusken opgeande fegetaasje of yn in grot of rotsspjalt. De jongen binne by de berte noch blyn, mar kinne mei likernôch 14 dagen sjen. Mei 3 moanne wurde de welpen ôfwûn, mar se bliuwe op it berteplak oant se likernôch in healjier âld binne. Dêrnei beselskipje se har mem oeral dêr't dy giet, ek op jacht. Se bliuwe by de mem oant se 2 jier âld binne, wêrnei't se op eigen manneboet de wrâld yn tsjogge. Wyfkes binne (yn finzenskip) mei likernôch 21/2 jier geslachtsryp, mar mantsjes pas mei 3–4 jier. Yn it wyld wurde jagûars mar komselden âlder as 11 jier, mar yn finzenskip kinne se wol 22 jier wurde.

In gapjende jagûar lit syn hoektosken sjen.

Fretten en jeien

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De jagûar is in karnivoar, en ien dy't, oars as bygelyks it loaihoars (Panthera pardus), hielendal neat oars as fleis yt. Yn finzenskip moat in eksimplaar fan 34 kg deis likernôch 1,4 kg fleis frette om fit te bliuwen. It gewicht (en dêrmei de grutte) fan proaidieren berint it hiele spektrum fan 1 oant 130 kg, mar jagûars jouwe ornaris de foarkar oan proaien fan 45–85 kg. De meast foarkommende proaidiersoarten oer it hiele ferspriedingsgebiet fan 'e jagûar binne de kapibara (Hydrochoerus hydrochaeris), wrâlds grutste kjifdier, en de reuze-eameliter (Myrmecophaga tridactyla). Oare gauris bejage proaien fan 'e jagûar binne it moerashart (Blastocerus dichotomus), de súdlike beameameliter (Tamandua tetradactyla), de halsbânpekary (Dicotyles tacaju) en de Moar-agoety (Dasyprocta fuliginosa).

Yn moerassen, op splis steande flakten en by de iggen fan rivieren lâns bejeie jagûars ek skyldpodden lykas de gielbûnte Amazôneskyldpod of terekay (Podocnemis unifilis) en de Brazyljaanske reuzeskyldpod (Chelonoidis denticulatus), en fierders alle seis soarten kaaimannen en sels grutte wjirchslangen as de griene anakonda (Eunectes murinus). It fretten fan reptilen liket mear foar te kommen by jagûars as by oare grutte katten. Ien ôfhandige isolearre populaasje yn 'e Brazyljaanske Pantanal fret benammen fisk en yn it wetter libjende reptilen. Op plakken dêr't wylde proaidieren krap te besetten binne, frette jagûars ek geregeldwei fee, benammen kij.

In pear jagûars deadzje in yacarekaaiman (Caiman yacare).

Jagûars bejeie harren proaien troch se te beslûpen en dan te bespringen of troch se op in ferskûle plak op te wachtsjen en se te bespringen as se út eigen beweging sûnder euvelmoed ticht genôch by komme. It efterfolgjen fan proaidieren oer langere ôfstân dogge jagûars lykwols net oan. It bespringen kin ek bestean út it springen fan 'e igge yn it wetter. Sûchdieren makket de jagûar dea op in wize dy't ûngewoan is foar grutte katten: troch se troch de plasse hinne yn 'e harsens te biten yn 'e efterholle of boppe-op 'e holle tusken de earen. Jagûars deadzje skyldpodden troch se troch it rêchskyld hinne te biten. Nei't de proai deade is, sleept de jagûar it kadaver nei in beskûle plak tusken opgeande fegetaasje, dêr't er it yn alle rêst lytsman meitsje kin. Yn moerassen of gebieten dy't der yn 'e reintiid ûnder strûpe, sykje jagûars mei harren proai gauris in beam op. Se binne sterkernôch om sels mei in rier yn 'e bek yn in beam te klimmen.

Natuerlike fijannen en konkurrinten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De jagûar is it toprôfdier fan elts biotoop dêr't er foarkomt en hat gjin natuerlike fijannen, útsein de minske. Foar jongen foarmje benammen jagûarmantsjes in gefaar, mei't dat kannibalen binne dy't der net foar tebekskrilje om welpen te ferslinen, sels net as dy har eigen neiteam binne. Sa bestiet der in goed dokumintearre gefal fan in manlike jagûar, dy't yn 2001 yn it Nasjonaal Park Emas yn súdlik Brazylje twa welpen foar in diel opfriet. DNA-ûndersyk wiisde út dat hysels de heit wie. Yn 2013 waarden der yn 'e noardlike Pantanal nochris twa fan sokke gefallen fan ynfantiside optekene. Om harren jongen tsjin sa'n lot te beskermjen, ferbergje jagûarwyfkes gauris de eigen welpkes en besykje se in mantsje ôf te lieden troch te bearen as binne se maartsk en ree om te pearjen.

It ferspriedingsgebiet fan 'e jagûar oerlapet yn Midden- en Súd-Amearika it areaal fan in oare grutte kateftige, de poema (Puma concolor), al wurdt dy op taksonomysk mêd op basis fan komôf by de lytse katten (Felidae) yndield. Jagûar en poema binne direkte konkurrinten, mei't se foar in diel deselde proaidieren hawwe. Yn sintraal Meksiko, bygelyks, dêr't de beide kateftigen fan ferlykbere grutte binne, meitsje wytsturtharten (Odocoileus virginianus) 54% fan it dieet fan 'e jagûar út en 66% fan it dieet fan 'e poema. Yn Súd-Amearika binne de jagûars grutter as de poema's en fange dêrom navenant gruttere proaien, swierder as 22 kg, wylst poema's proaien fange dy't 2–22 kg weagje. It tinken mank biologen is dat de poema, dy't ek bestean kin fan lytsere proaien, eins yn it foardiel is, mei't er him makliker as de jagûar oanpasse kin oan kultuerlânskippen.

De eardere Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt yn 1915 mei de earste troch him sketten jagûar.

De jagûar hat de IUCN-status fan "gefoelich", wat betsjut dat it noch gjin bedrige soarte is, mar dat de sitewaasje al goed yn 'e rekken holden wurde moat. Reden foar soarch is dat anno 2022 de wrâldpopulaasje fan 'e jagûar sûnt de midden fan 'e 1990-er jierren mei 20–25% efterútbuorke is. De grutste bedriging foar dit bist is ûntbosking, wat liedt ta habitatferlies (it weiwurden fan gaadlike wengebiet) en ta habitatfragmintearring (it opdielen fan in wengebiet dat earder oaniensletten wie yn lytse, isolearre en mooglik net libbensfetbere populaasjes). Habitatferlies hat him yn 'e earste desennia fan 'e ienentweintichste iuw benammen foardien yn drûgere kriten, lykas op 'e pampa's fan Argentynje en op 'e steppe yn noardlik Meksiko.

Mar ek yn wietere, boskeftige regioanen ferliest de jagûar fluch terrein. Sa is berekkene dat tusken 2000 en 2012 83.759 km² oan habitat troch ûntbosking ferlern gien is. Fral yn Meksiko is ek streuperij in grut probleem. Yn guon oare lannen komme jagûars yn konflikt mei minsken; sa wurde se yn Belize troch feehâlders deade as ûngedierte. Yn it departemint Chocó, yn noardlik Kolombia, wurde jagûars tradisjoneel bejage troch leden fan 'e Afro-Kolombiaanske etnyske minderheid, dy't it fleis fan 'e bisten as in delikatesse beskôgje. Yn Bolivia wurde jagûars deade of libben fongen om yllegaal nei Sina ta ferhannele te wurden, mei't de lichemsdielen fan 'e bisten brûkte wurde kinne yn tradisjonele Sineeske genêskunde.

Om 'e jagûar te beskermjen tsjin útstjerren, hawwe de Feriene Naasjes dizze soarte opnommen yn Taheakke I fan it CITES-ferdrach, dat alle ynternasjonale hannel yn 'e bisten en lichemsdielen fan 'e bisten ferbiedt. De jagûar is in beskerme bistesoarte dêr't net op jage wurde mei yn Argentynje, Brazylje, Ekwador, Fenezuëla, de Feriene Steaten, Frânsk-Guyana, Guyana, Hondoeras, Kolombia, Nikaragûa, Panama, Paraguay en Suriname. Yn Gûatemala en Perû is it bejeien fan jagûars oan bannen lein en is der in fergunning foar nedich. Yn Belize hat de jagûar gjin beskerme status, mar dêr waard yn 1986 wol it Faunareservaat Cockscomb Basin oprjochte, it earste beskerme natoergebiet dat spesjaal foar de jagûar ynsteld wie.

In fossile plasse fan 'e útstoarne Noardamerikaanske ûndersoarte Panthera onca augusta.

Fan 'e jagûar (Panthera onca) waarden yn 'e njoggentjinde en tweintichste iuw ferskate ûndersoarten beskreaun. It ûnderskie tusken dy ûndersoarten waard foarme troch geografyske oarsprong yn kombinaasje mei lytse morfologyske ferskillen oan 'e bou fan 'e plasse. Yn 1939 neamde de Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock yn syn wurk acht ûndersoarten. Hy hie lykwols gjin tagong ta genôch spesimina om der in krityske evaluaasje fan te meitsjen dy't him nei it sin wie, en spriek syn twifel út oer de status fan ferskate ûndersoarten.

Yn 2005 bestie der fierhinne wittenskiplike konsensus oer de erkenning fan njoggen ûndersoarten 'e jagûar. Dat wiene:

In jagûar yn 'e Pantanal, yn súdwestlik Brazylje.

Sûnt 1917 wurdt de jagûar lykwols op basis fan nij DNA-ûndersyk beskôge as in monotypyske soarte, dy't gjin ûndersoarten hat. Wol wurdt de libbene jagûar (P. o. onca) noch ûnderskaat fan twa útstoarne, fossile ûndersoarten: de noardlike jagûar (P. o. augusta) út Noard-Amearika en de saneamde Patagoanyske panter (P. o. mesembrina) út 'e súdpunt fan Súd-Amearika.

Relaasje mei de minske

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oanfallen op minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Minskesliner.

De Spaanske conquistadores wiene spûkbenaud fan 'e jagûar, dy't se as in minskesliner seagen. Neffens de Ingelske biolooch Charles Darwin fertelden beskate Yndianen yn Súd-Amearika him dat je nea bang foar in oanfal troch in jagûar hoegden te wêzen salang't der noch genôch kapibara's omrûnen. Der binne lykwols inkele gefallen bekend fan jagûars dy't minsken oanfoelen, soms mei deadlike gefolgen foar it slachtoffer. Mar der is noch nea waarnommen dat in jagûar it stoflik omskot fan 'e deade minske neitiid opiet. It meastepart fan 'e bekende oanfallen op minsken barde doe't de jagûar yn it nau dreaun waard of ferwûne rekke wie.

In jagûarbyldsje út 'e Motsje-kultuer út noardlik Perû, datearjend fan omtrint it jier 300.

Jagûars yn 'e minsklike kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Yndiaanske kultueren út it Pre-Kolumbiaanske Tiidrek fan Meso-Amearika en Súd-Amearika wie de jagûar in symboal fan macht en krêft. Yn 'e Andes rekke in kultus om 'e jagûar hinne, dy't ûntstie yn 'e iere Chavinkultuer, tsjin 900 f.Kr. oer hast it hiele grûngebiet fan it moderne Perû ferspraat. De Motsje út noardlik Perû brûkten de jagûar as in symboal fan macht yn harren keramyk. Yn 'e religy fan 'e Mûyska fan Kolombia waard de jagûar beskôge as in hillich bist. Om dêr utering oan te jaan ferklaaiden de lju har foar religieuze rituelen yn jagûarhûden.

Op it Jûkatanskiereilân en yn Tabasco, yn súdlik Meksiko, binne byldsjes mei it weromkearende motyf fan 'e Olmeekske wearjagûar oantroffen. Dy jouwe in stilearre jagûar wer mei in heal-minsklik gesicht. Yn 'e lette Maya-beskaving op it Jûkatanskiereilân en yn Gûatemala en Belize wie de jagûar in symboal foar krigers en foar de moed en krêft fan 'e hegerein. De jagûar waard ek assosjearre mei de ûnderwrâld en syn byltenis waard dêrom brûkt om grêftomben en krûken foar grêfjeften mei te fersieren.

De Azteken fan sintraal Meksiko beskôgen de jagûar as de kening fan it bisteryk. Jagûars waard woestheid en moed tadichte, mar ek wiisheid, weardichheid en hoedenens. It leger fan it Azteekske Ryk omfette twa ûnderskate klassen fan krigers: de jagûarkrigers en de earnekrigers. De leden fan beide klassen klaaiden har neffens it bist dêr't se nei neamd wiene. Ek de leden fan 'e Azteekske keizerlike famylje droegen jagûarhûden. De jagûar waard sjoen as it toatemdier fan 'e wichtige Azteekske goaden Tezcatlipoca en Tepeyollotl.

Yn it Súdwesten fan 'e Feriene Steaten litte rotsskilderings makke troch de letter weiwurden Anasazy, mar ek troch de foarâlden fan 'e hjoeddeisitge Hopy en Pueblo-Yndianen eksplisyt in spikkelbûnte grutte kat sjen, dy't omreden fan 'e grutte inkeld in jagûar foarstelle kin. Ek yn 'e moderne kultuer wurdt de jagûar noch as symboal brûkt. It is bygelyks it nasjonale bist fan Guyana en makket ek diel út fan it wapen fan dat lân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.