Springe nei ynhâld

Stanisława Walasiewicz

Ut Wikipedy
Stanisława Walasiewicz
Stella Walsh
sporter
Stanisława Walasiewicz
Stanisława Walasiewicz
persoanlike bysûnderheden
echte namme Stanisława Walasiewicz
nasjonaliteit Amerikaansk
Poalsk (oant 1947)
bertedatum 3 april 1911
berteplak Wierzchownia
stjerdatum 4 desimber 1980
stjerplak Cleveland flagge fan de Feriene Steaten
lingte 1.74 m
gewicht 60 kg
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel Sprint
O.S. Los Angeles 1932,
Berlyn 1936
debút 1928
karriêre-ein 1946
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1932
Sulver grut sulver 1x Olympyske Simmerspullen 1936
Goud grut goud 2x EK 1938
Sulver grut sulver 2x EK 1938

Stanisława Walasiewicz (Wierzchownia, 3 april 1911 - Cleveland, 4 desimber 1980) wie in Poalsk sprintster.

De Poalske Walasiewicz emigrearre doe't sy trije jier âld wie fan Poalen nei Cleveland, Ohio, dêr't har heit wurk fûn yn in stielfabryk. Se wie linich en fluch en wûn yn 1927 mei gemak in kompetysje foar in plak yn it Amerikaanske olympyske team. Mar de sechstjin jier âlde Stanisława Walasiewicz, dy't har yn Amearika Stella Walsh neamde, wie gjin Amerikaanske en koe dat ek noch net wurde, foardat se de 21 jier âld waard.

Yn 1932 wie Walsh by de groep olympyske kânshawwers kommen. Om de gouden medalje foar de Feriene Steaten feilich te stellen, waard se no mei oandrang frege om har naturalisearje te litten. Se hiene in baan oanbean yn it Cleveland Recreation Department, dy't se ek graach akseptearre hie, mar dan koe se net meidwaan oan de Olympyske Spullen. Immen dy't syn haadberop yn de sport útoefene, waard as prof beskôge. 24 oeren foar de Spelen joech se de naturalisaasjepapieren werom, se naam sadwaande as Poalske diel oan de Spullen.

Sy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1932 en 1936). Sy waard ien kear Olympysk kampioene, yn Los Angeles op de 100 meter yn in wrâldrekôr fan 11,9 in evenaring fan it wrâldrekôr dat de Fryske Tollina Schuurman yn 1926 rûn hie. Fjouwer jier letter yn Berlyn wûn se in sulveren medalje op dit ûnderdiel.

Walasiewicz ferhuze nei de Spullen fan 1936 werom nei Amearika, dêr't se har karriêre trochsette. It wiene lykwols har neidagen. Doe't Poalen nei de Twadde Wrâldkriich beset waard troch de Sovjet-Uny, besleat Walasiewicz om yn 'e Feriene Steaten te bliuwen en de Amerikaanske nasjonaliteit oan te nimmen. Yn 1956 boaske se mei bokser Neil Olson, it houlik rûn al rap op 'e non.

Op 4 desimber 1980 wie Walasiewicz slachtoffer fan in rôfoerfal yn in winkelsintrum yn Cleveland. Doe't se har by it útpakken fan har winkelwein besocht te fersetten tsjin twa manlju dy't har berôvje woene, luts ien fan de twa in revolver en der ûntstie in gefjocht; Walasiewicz waard troch in kûgel rekke yn har búk en ferstoar in pear oeren letter yn 'e âldens fan 69 jier.

Ut autopsy nei har dea, die bliken dat Stanisława Walasiewicz in bysûnder genetysk mozayk hie fan gromosomen mei in seldsume ûnbalâns yn gromosomen X en Y. Lykas ek by de Fryske Foekje Dillema fêststeld is, binne der mear X- as Y-gromosomen waarnommen. Walasiewicz hie sawol ‘manlike’ as ‘froulike’ lichemssellen en sawol manlike as froulike skaaimerken. De moardners fan Walasiewicz binne yn 1983 oppakt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: